Nij ferlet oan âlde dagen

Arjan Hut

It is freedtejûn, mar gjin ekskuzen
We lizze mei in nije sigret yn 'e mûle
Midden op 'e dyk
Foar de âlde kroech oer, fol nij libben
Nije gesichten, farsk bier yn âlde glêzen
Gouden gloede achter de ruten
En damp fan swit en azem

De waarme wale fan dizze tiid
Lit ús de jassen binnen hingje
En sa hâlde we in eachje op 'e fytsen
Sa't se der no noch steane

Op 'e flechtheuvel lizze wy, sigretten oan
De oerwurken syngroan, omheech eagjend
Nei de myriade fan stjerren
Tusken de wolken troch

Sykheljend, rêst en reek
Jûnswille en frijheidslucht
Wurdflarden en flearmûzen
Auto's yn de fierte, links en rjochts
Wy hâlde ús fuotten yn

Do en ik
Wachtsjend op 'e tongerbui
Dy't stadich dizze kant út krûpt
Earst dan sykje we ús plakken
Binnen yn it ljocht wer op
It is freedtejûn, mar gjin ekskuzen
Gjin ferlet dêrfan

14 december 2004

E-card

Geef je beoordeling aan het gedicht: Nij ferlet oan âlde dagen

Actuele beoordeling: 5,65
Aantal stemmen: 386
Daler: -0,01
Aantal hits: 10465


Liefdesgedicht.nl partner: InterDuo Relatiebemiddeling

InterDuo Relatiebemiddeling

Relatiebureau InterDuo relatiebemiddeling is het meest toonaangevende relatiebureau voor Nederlandse en Belgische HBO’ers en academici. InterDuo is erkend door de BER: Branchevereniging Erkende Relatiebureaus.

Liefdesgedicht.nl partner: Bol.com

Bol.com

Bol.com, de winkel van ons allemaal. Kies uit >10 miljoen artikelen. Snel en vanaf 20,- gratis verzonden!


Liefdesgedicht.nl partner: Books for Singles

Books for Singles

Books for Singles verkoopt geen liefde, geluk of romantiek. Wel is het de gespecialiseerde online bookseller voor boeken over: singles, liefde, relaties, dating en persoonlijke groei. Books for Singles is een initiatief van het erkende relatiebureau InterDuo.

Maak uw keuze

Partners

Gedicht-categori�n

Extra