Myn hûn en ik

Sjoerd F Talsma

Myn hûn en ik moatte sa no en dan efkes rinne
dat skynt goed te wêzen foar myn ieren en myn liif
en dêrby moat ek myn hûn syn dingen dwaan kinne
sa bliuwe myn hûn en ik fansels ek minder stiif

as it tige min waar is ha'k der wolris muoite mei
ik haw gesoademiter mei reinjassen of oare klean
mar al is't 30 boppe of 15 ûnder nul, sa by de kachel wei
myn hûn sit der net mei, as wy der mar efkes út gean

myn wiif hat my ek wol ris frege "sille wy in eintsje om"
no, dan moast de hûn al mei, as it oars gjin doel hie
in eintsje kuierje sûnder hûn liket oars sa stom
om fuort te gean om neat, om dêr te kommen wêr't ik al wie

mei syn noas is it in feest en kin myn hûn tige opwine, mar dêrby
rint de grize my oer de grauwe as ik sjoch wêr't myn hûn oan rûkt
en dan ek noch te betinken dat'er folle skerper rûke kin as my
hy wit wat hja frette, hoe sûn hja binne as hy der echt yn dûkt

wol tweintich kear tilt hy de poat op, en dan ek noch efkes sitte
it soe net bêst wêze as ik ek sa faak moast ûnder it rinnen wert it allegearre wei komt Joast mei't witte
mar foar eltse beam hat er in mieltsje, al is't soms wol stinnen

en alle dagen itselde fretten, ik moat der net oan tinke
foar al it moaie om ús hinne, it seit him gjin sier
en as it sa útkomt, ûnderweis, tige smoarch wetter drinke
wat in hûnelibben, mar myn hûn is altyd like blier

hûn en baas lykje op inoarren , sa seit men
jo kin sa sjen dat de measten dêr net mei sitte sykje dan in kreazen út, want guon binne net om oan te sjen
foaral de kop is dan wichtich, it is mar dat jo dat witte

as myn hûn en ik op'n paad binne, dan sjogge wy och sa folle
hûnen yn ferskate mjitten mei lang of koart hier, meager of dik
en in bulte hûnen soe'k foar gjin goud mei rinne wolle
want myn eigen hûntsje is de bêste, sa fine wy dat, myn hûn en ik.

12 januari 2010

Sjoerd F Talsma

E-card

Geef je beoordeling aan het gedicht: Myn hûn en ik

Actuele beoordeling: 7,50
Aantal stemmen: 8
Daler: -0,36
Aantal hits: 8273


Recente gedichten in de categorie Friese liefde

Pasfoto
DatumGedicht
12-01-10 Kabeltsjeleafde
12-01-10 Twa Fryske klompkes
12-01-10 Loyaal (elfje)
12-01-10 Hjerst
12-01-10 Sa lang as it duorret
12-01-10 Lectori Salutem
24-09-09 freonen
02-09-09 tsjinstriid
08-07-09 Mem
01-05-08 do hearst by my
01-05-08 twingend langstme
16-03-08 diep in mijn hart en diep in mijn ziel
11-03-07 in gefoel....
15-02-07 Sliep swiet en seft
12-02-07 mijn dag..
12-12-06 Shit
15-08-06 X
22-06-06 Dizze grun
25-05-06 Eltse kear opnij
25-05-06 Toen de man enkel en alleen maar jagen moest
25-04-06 It Fryske Hert
02-04-06 Het Friese Volkslied / It Fryske Folksliet
15-03-06 Ik wol
15-03-06 Mien leave
05-02-06 Friese liefde en het zwarte eendje

Lees alle gedichten in de categorie Friese liefde


Liefdesgedicht.nl partner: InterDuo Relatiebemiddeling

InterDuo Relatiebemiddeling

Relatiebureau InterDuo relatiebemiddeling is het meest toonaangevende relatiebureau voor Nederlandse en Belgische HBO’ers en academici. InterDuo is erkend door de BER: Branchevereniging Erkende Relatiebureaus.

Liefdesgedicht.nl partner: Bol.com

Bol.com

Bol.com, de winkel van ons allemaal. Kies uit >10 miljoen artikelen. Snel en vanaf 20,- gratis verzonden!


Liefdesgedicht.nl partner: Books for Singles

Books for Singles

Books for Singles verkoopt geen liefde, geluk of romantiek. Wel is het de gespecialiseerde online bookseller voor boeken over: singles, liefde, relaties, dating en persoonlijke groei. Books for Singles is een initiatief van het erkende relatiebureau InterDuo.

Maak uw keuze

Partners

Gedicht-categori�n

Extra