maitiid

Maria

yn it ljocht kin ik wer tinke
ljippen raze de kleuren út de grûn
opswypkjende geur fan de belofte fan simmer
maitiid minsken de maitiid is begûn
grize tiden ferfage yn it grien
it Fryske bloed bûnzet en siert
ik wol sjonge mei lûde stim
no’t de maitiid sege fiert

yn it ljocht kin ik wer fiele
triennen reagje bagger út myn grûn
himelske geur fan dyn liif yn myn tinken
maitiid leafste de maitiid is begûn
donkere gedachten ferfage yn it ljocht
it bloed giet wer it net gean kin
ik wol dy sjen mei heldere eagen
mei de maitiid yn it sin

yn it ljocht kin ik wer libje
waarmte hellet frucht út de grûn
koesterjende geur fan de sinne yn myn hert
maitiid fanke de maitiid is begûn
snijend sear ferfaget yn de tiid
nij bloed streamt troch myn ieren
ik mat fiele mei skjinne hannen
om de maitiid te fieren

10 april 2005

Maria

E-card

Geef je beoordeling aan het gedicht: maitiid

Actuele beoordeling: 6,38
Winnende beoordeling: 6,09
Verkiezingsuitslag: 17e prijs
Aantal stemmen: 400
Stijger: +0,01
Aantal hits: 6649


Recente gedichten in de categorie Friese liefde

Pasfoto
DatumGedicht
03-03-05 Leafde
30-01-05 de ferjitfabel
25-01-05 Fête galante
25-01-05 Hoe't ik hunkerje
25-01-05 Tresoar
06-01-05 In Iepentearde Roas
19-12-04 Waaksen fan de Leafde
14-12-04 Nij ferlet oan âlde dagen

Lees alle gedichten in de categorie Friese liefde


Liefdesgedicht.nl partner: Bol.com

Bol.com

Bol.com, de winkel van ons allemaal. Kies uit >10 miljoen artikelen. Snel en vanaf 20,- gratis verzonden!

Liefdesgedicht.nl partner: InterDuo Relatiebemiddeling

InterDuo Relatiebemiddeling

Relatiebureau InterDuo relatiebemiddeling is het meest toonaangevende relatiebureau voor Nederlandse en Belgische HBO’ers en academici. InterDuo is erkend door de BER: Branchevereniging Erkende Relatiebureaus.


Liefdesgedicht.nl partner: Books for Singles

Books for Singles

Books for Singles verkoopt geen liefde, geluk of romantiek. Wel is het de gespecialiseerde online bookseller voor boeken over: singles, liefde, relaties, dating en persoonlijke groei. Books for Singles is een initiatief van het erkende relatiebureau InterDuo.

Maak uw keuze

Partners

Gedicht-categori�n

Extra